>>Klik op vorige in uw browser om terug te keren naar roadrunnersjoure.nl<<

Hierbij het marathon debuut van 2 Road Runners bij de marathon te Berlijn
(een verhaal in het Fries geschreven door Tjepke v.d Honing)


Marathon Berlijn, 2000

Op 10 septimber ha Eelke Westra en ik de marathon fan Berlijn rûn. It sil mear as 2 jier lyn west ha dat ik ris by Eelke Dijkstra siet en dêr ris in praatsje krige oer it rinnen fan in marathon.Sa yn it jier fan it nije millennium like it ús wol moai om oan de marathon fan Berlyn mei te dwaan. Omdat de limiet yn Berlijn 6 oeren is en men ek skeelerje mei komt my dat wol goed út. Al ridlik gau is der in ploechje fan in man as 6 dy’t dêr wol nocht oan ha en sa begjint in lange perioade fan tarieding. De earste tiid wurde der noch net fan dy hiele grutte einen rûn mar oan de ein fan it earste jier rin ik foar it earst de heale marathon fan Skylge, Dêrnei moat dat folholden wurde, wat net tafalt. Fan de yn it earst oan 6 man binne allinne Eelke Westra en ik oer. De lêste 8 wike ha wy in treningsskema hân dêr’t wy ús eins wol oan hâlde moatte om yn Berlyn goed te rinnen. Dat hâldt wol yn dat wy 5 kear yn de wike tusken de 10 en de 15 km. rinne moatte en 1 kear yn de wike in duurloop@ fan 25 km. It liket foar ús ek noch hast oer te gean. Wy hiene ús opjûn foar in organisearre sportreis mar 14 dagen fan te foaren krije wy it berjocht dat dy reis wegens gebrek aan belangstelling net troch giet. Wy beslute om ús al yn skriuwe te litten en in hotel te boeken en dan mar mei de trein te gean. En sa spoare wy 8 septimber ôf foar in lang wykein Berlijn.As wy yn Berlijn oankomme is it allegearre wol efkes sykjen om de goeie tram of metro te finen mar nei wat freegjen komme wy middeis om likernôch 4.00 oere by ús hotel oan yn it âlde easten fan Berlyn. It is in nijmoadrich hotel dat 14 etages heech is en suver wat Amearikaansk oandocht. As wy de tassen útpakt ha beslute wy om de stêd yn te gean en al fêst te sjen wer’t de start is. Berlijn is likernôch sa grut as de provinsje Utrecht, sizze se, dat yn’t foar efkes ferkenne liket gjin lúkse. It sykjen falt ús wol wat ta, wy moatte wol 2 kear oerstappe yn de strassenbahn mar dy dingen geane sawat om de 10 minuten sadat wy yn trije kertier by de start wêze kinne. De sneons moatte wy in hiel ein yn de tram en de metro om sawat nei de oare kant fan Berlijn om ús startnûmer op te heljen. Wy ha alris yn Runnersworld lêzen dat men de deis foarôfgeande oan in marathon op syn minst 4 liter wetter drinke moat. Dat hâldt yn dat wy sawat de hiele dei mei in flesse spa ûnder de earm rinne en dêr fan tiid tot tiid flink út drinke.By in Italiaans restaurant ite wy tusken de middei. Mei al dat iten en foaral drinken ha ik stadich oan in bealch as in gerskeal en kin ik gjin iten en drinken mear sjen. Dy jûns gean wy betiid op bêd om goed útrêst oan de start te kommen. Dat falt net ta want it hotel stiet oan in krúspunt fan fjouwerbaannsdiken der’t in protte ferkear lâns jakkeret en der’t ek noch in tram oant sawat 4 oere ta oer hinne denderet. De sneins binne wy dan ek al wer betiid wekker en stappe tsjin sânen op’e tram om nei de start te gean. De start is moarns om 8.55 oere mar om likernôch 20 oer achten steane wy al yn ús startfak. Der dogge mear as 27.000 rinners mei sadat it tige drok is op de brede Strasse der 17'e juni by de Charlottenburger tor. As it startskot klinkt binne alle rinners binnen 4 minuten starten en dat falt ús mei safolle dielnimmers tige mei. It is in prachtich en yndrukwekkend parkoer troch Berlijn. Sa komme wy by Unter denn Linden lâns ûnder de Brandenburge tor troch it âlde Eastberlijn yn. Yn Berlijn binne tige moaie âlde gebouwen sa as De Reichstach, Schloss Bellevue en De Schauseele. It rinnen giet ek fantastisch Eelke rint noch al wat hurder as ik sa dat wy elk yn ús eigen tempo rinne en elkoar net earder wer sjogge as nei de finish. De earste 30 km. geane foar my tige goed en rin ik binnen de 3 oeren. Dêrnei is it yn ien kear op, ik bin net wurrich of sa mar der is gjin koördinaasje mear nei de fuotten ta en ynstee fan dravend moat ik in hiel ein kuierjend fierder. Dat is net sa slim want it is tige gesellich der binne mear as in miljoen taskôgers en dêrfan binne in hiele protte mei trommels of oar ark der’t se op slaan kinne en dat ek fûleindich dogge. Ik ha in switdoekje op’e holle. By it parkoer stiet in mem mei har berntsje . Ik hear it berntsje roppen Mama ist dass ein piraat, op sa’n momint is jin tiid dochs net mear wichtich en makket men in praatsje. Oer de lêste 12 km. doch ik in oere en trije kertier sadat myn eintiid 4:45:59 is. Eelke is mear as in heal oere earder as my binnen en einiget yn 4:10:41. De finish is by de Gedachtniss Kirche yn it sintrum fan Berlijn. Dêr is it ek tige drok en gesellich. Ik ha de lêste 3 moanne net in pilske hân om my mar sa optimaal as mooglik ta te rieden. De haadsponsor fan de Marathon is in ferneamde biergigant (Krombacher) en skinkt fuort nei de finish in gratis pilske wat der by Eelke en my tige goed ynfalt.Sa komt der nei in lange tiid fan tarieding in ein oan in tige slagge marathon.(ús earste) It wie in dei der’t my net allinne it rinnen yn tafallen is. It hiele ferbliuw yn de stêd is my tafallen sa wiene der yn it grutte park griene spjochten en mûzebiters. Yn de stêd ha wie ek noch al wat skierroeken sjoen. As wy op it stasjon Ostkreuz út de trein stappe is der sels in blauwe wikel dy’t tsjin de jûn noch efkes jaget op libellen of soksawat. Under it rinnen fan de marathon ha ik noch efkes stil stien by in beam der’t in maretak yn groeide. Allegearre soarten dy’t men hjir by ús net sa faak sjocht. De Dútske befolking wie ek tige freonlik en dat hie ik net tocht. As men se hjir op it strân of by de fiskkarre tsjinkomt is it grutste altyd foar har. It wie dêr sels sa dat as men op it perron earne omsocht dat se dan út harren sels al fregen oft se ek helpe koene. Ek hie elkenien wol efkes tiid foar in praatsje. As wy wer nei hûs geane keapje wy op it stasjon noch in Berliner Seitung. De komplete útslach stiet der yn. It docht bliken dat Eelke 12577'e en ik 19090'e wurden bin.

Tsjepke v.d. Honing

>>Klik op vorige in uw browser om terug te keren naar roadrunnersjoure.nl<<
 terug naar boven